Bibeltekst

Ik soe gjin bloch skriuwe hjoed, omdat ik der wat om tinke moat, sa waard my sein. Sjoch der min út en sa. Neifraach by it thúsfront: Hast in dikke reade kop, en fierder liket it ek wol aardich. Dus: blogge, blinder!! En dit wie fansels in ynkopperke.

Sytse Faber, lofts fan it midden yn it CDA, sa stiet it op Wiki. Tsjintwurdich is er ferbûn oan de voedselbank. Dat is prima. Mar as je dan op de radio komme en jo ongenoegen útsprekke oer steatssekretaris Bleeker, en in bibeltekst oanhelje om dat wat oan te setten, moatte jo it wol goed dwaan. As CDAer, bedoel ik. Hy brûkte de fergeliking dat it fielde as dat je om in bôle freegje en der in skorpioen foar yn it plak krije.

Neffens it nije testamint, Lucas 11 fers 12, hat dy skorpioen neat mei bôle te krijen, mar mei aaien. En bôle hat wat mei stien.
Lucas skriuwt yn fers tolve: Of as er om in aai freget, him in skorpioen jout? In eintsje earder yn it tsjokke boek komme we Mattéus tsjin. Dy seit yn haadstik 7, fers 9: Is der soms ien fan jimme, dy't in soan in stien jout, as er om brea freget?

Sytse hat it thús fêst wolris heard, fan heit of mem, of troch dûmny op snein, yn de skriftlêzings. De klok en de bongel, Faber. Falt my wat ôf, jo as hoeder fan it loftermidden.     

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen