Maksimale leeftyd

We wolle yn dit behyplike lân alles ta yn de finesse regelje. Pensjoen, AOW en mear.

Mei dit regear is der in kâns om yn ien kear dien wurk te meitsjen. Wêrom ek net de maksimale leeftyd fêststelle? Neidat je ophâlde mei wurkjen binne jo mar in bongel oan de poat. It kostet in berch jild, drukt de bonus fan de bestjoerders fan de pensjoenfûnsen, en sis no sels, wat is de kwaliteit fan it libben noch? Wat is der moaier as wurkje oant je der bydel falle? Dat is it ideaal, dochs?
Ut fytsen? Alderwetsk.

Ik soe de manlju en dames fan Mark Rutte útdaagje wolle, set ek in sifer op de leeftyd. Boppe de 80? Wat is dat oars as jild fergrieme. Rjochtdei hâlde mei dy opfretters.

Mar der binne útsûnderingen. De heegste bazen fan soarchynstellings en banken dy't net foldogge. Dy meie âld wurde. Oars is dy oprotpreemje fan in ton as wat weismiten jild. Ek guon dy't ynterim in foech € 40.000 yn de moanne pakke, libje litte. En fansels Mark en de zijnen, want dy ha dit allegearre betocht. Dy ûntspringe de dûns ek.

Pikefangers fan boppe de 80? Strjitlizzers op leeftyd? Boeren sûnder âld jild? Opromje dat folk. Kostet allinnich mar. Bringt neat op. En dan ha ik it noch net iens oer keunstners. Dy kinne je mei 40 jier wol slite. Dyselden sizze se pas nei harren dea fan dat se wichtich wienen, dus wat earder om hals wat better it is. As der gjin neiteam is kin de steat it wurk ferpatse, spekket de steatskas wer, want dy hat immer driuwend ferlet fan sponsors.

Negatyf? Nee, hear. Wie oren heeft om te horen. Wy prate hjir wolris wer oer. Hooplik oer net al te lange tiid, as dit soadsje ûnrant troch it elektoraat te plak set is. Mei Halbe foarop. Se leare neat fan de skiednis, dy sukkels. Fierstente drok mei har bonus. It sil harren der nei gean, sei beppe. (wiis minske).

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen