Flyers kampioen!

Einliks sprekt de foarsitter him helder út. Gjin gegriem yn de marzje mear, net langer de tredde misfoarme poat oan it liif fan It Hearrenfean. De Flyers moatte oer trije jier wer kampioen wurde. En sa heart it ek. De trouwe fans ha der no lang genôch op wachte, it is tiid foar gong is alles.
Ik foarsis jimme, no't de fêste jûn dat se spylje (jierren te let!) einliks nei de freed giet, komt it goed. Gjin kompetysje mei de SC mear. Altyd as de balskoppers in kear frij wienen, skarrele in grutte ploech Thialf yn mei Hearrenfeansjaals om de hals. Want we binne fan fan beide klups, mar jo kinne mar op ien plak tagelyk wêze.
Hooplik sit de hal oer net al te lange tiid wer like fol as yn de tiid fan Sjoerd Feenstra syn Flyers. Jammer dat je dêr net mear smoke meie, dat joech noch wat ekstra's oan de sfear. Ien ding, dy kleuren fan it shirt. Dat hie giel wêze moatten, mar dêr stappe we dan mar oerhinne.
Miskien komt it ea noch safier dat alles ûnder de flagge fan Sportstad falt, dat soe noch folle better wêze. De SC en de Flyers hearre elkoar net de fliegen ôf te fangen, mar elkoar te fersterkjen. De flirt mei Cambuur liket no fan de baan. Dat foel ek net goed by de measten, yn Ljouwert moatte se sels in klup oprjochtsje. Aris docht it ek goed, dêr koe bêst noch in iishockeyklup njonken. Wie der wer ris in Fryske derby, want dy echte derby komt der dit jier wer net, en fierder sis ik dêr mar neat oer...

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen