Twa kanten

Twa gesinnen yn Bakhuzen wurde sa terrorisearre troch jongeren dat se it doarp út wolle. De 80-jierrige Jan Hees en it gesin De Moor sizze al jierren it mikpunt te wêzen. Der wurde ruten ynslein, auto's fernield, brânbommen it hûs ynsmiten en der wurdt mei luchtbuksen op de wenningen sketten. Dit soe barre omdat se Hollanners binne.
De wenningstichting Wonen Zuidwest Fryslân wit fan de problemen en siket nei wenromte yn in oar doarp.

Aldus in berjocht fan de Omrop.
Dit is dus de iene kant fan it gelyk. De oare kant witte we net. Dyselden dy't dat ûnnocht úthelje komme net foar kamera of mikrofoan.
In siswize seit dat wêr't twa kibje, ek twa skuld ha. Jo meitsje it my net wiis dat 'se' samar sûnder oanlieding betinke dat we mei syn allen lekker brânbommen smiten geane. Omdat it Hollanners binne. En dan allinnich yn Bakhuzen.
Op de radio sei de dupearre persoan dat de plysje wit wa't efter it narjen sitte. Ek dat liket my iensidich. Saken oplosse is foar justysje better as sa'n swolm trochrotsje te litten. Dus: dan hienen se dat allang dien.

Of it soe sa wêze kinne dat it miskien foar alle partijen better is dat der in oplossing fûn wurdt yn de foarm fan it ferhuzjen fan.

Sa'n ferhaal hat altyd twa kanten, dat mist my net. Mar jammer genôch meie wy mar ien kant hearre.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen