Griemkonten

De hermandad sil ús earme bumperklevers no yn it foar fertelle dat se earne steane te flitsen. Twitterje fansels, hoe oars soenen jo no noch minsken berikke kinne?

Ik ha in oar foarstel. Alle minsken krije in kastje yn de auto. Ik ha al ien, as jimme witte wolle hoe freeslik ik my op de wei misdraach? Myn Acer registrearret alles.
Dus alle auto's in gewisse, dat as je te hurd jeie piip seit. Mar dan ek foar dyselden dy't de grutste ergernis op de wei binne, it folk dat standert tsien kilometer te stadich rydt. Ik bin fan miening dat de measte bonnen foar te hurd riden dy't ik krigen ha (en dat binne net safolle, ik ha de eagen net yn de bûse) relatearre binne oan dy griemers dy't my it bloed ûnder de neilen wei helje. Op in stuit ha ik it swit yn de hannen fan dat reade remljocht dat sels by it fermoeden dat der in mich op de wei sit, al wer opljochtet. Ik snap werklik net dat se sokken in rydbewiis jûn ha. Se kinne net ride! Dat is wol it folk dat altyd dûken yn de auto hat. Myn learaar sei altyd dat jo je oan de stream oanpasse moasten. Tsjintwurdich is der altyd wol sa'n dwaas dy't stronteigenwiis 70 op in 80kilometerdyk tuft, mei in sliert auto's efter him of har oan. En as je der dan einliks omhinne baarne kinne, sjogge se ek noch oft jo deselde binne dy't gek is. Ja, ik moat noch wolris oan it wurk! Dus bekeure foar te hurd ride? Bêst, mar dan ek foar te stadich!

En daliks in tip foar ús dappere striders mei de lazergun: kom hjir foar ús hûs mar in dei kampearjen, dat sparret it regear in jier besúnigjen.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen