Midsimmernacht yn Rie

Prachtich, oars kin ik der net fan meitsje. In soad folk, en knap waar.
Moaie ferhalen oer Flylân, trije reuzen en twa Goatses en Douwe Kootstra brocht de Goddeloaze Singel ta libben. Ek de muzyk wie goed, mei foar my as hichtepunt Marius de Boer, dy't it moaste Reboeljenûmer ea song: Eilân yn de see. Te finen op it album Skepper fan de Skepper. Jammer dat hy, Rommert, Durk, Tiede en Tjerk gjin band mear foarmje.
Kompliminten foar de organisaasje, klasse, en oar jier mar wer.

Ien minpunt dan? Wêr wie it kreamke mei Fryske boeken en cd's?

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen