OV chipkaart

As it op iepenbier ferfier oankomt, hâldt ik my meastal ôfsidich, ik bin gjin leafhawwer.
No begryp ik dat de chipkaart aanst it iennichste middel fan beteljen wurdt. Behalve op it Amelân en de oare eilannen.(!?) Jo kinne ek in prepaid kaart keapje. By de Primera, of Albert Heijn.
Neifraach by Arriva makke in soad dúdlik.

In kear as wat hie ik dizze boaze dream:
Stel der soe in ramp barre, myn auto soe it bejaan. Je moatte der net oan tinke, mar hawar. Earne yn de deastille krimpgebieten stean ik, en ik sjoch in bushalte. De mobyl hat  in lege batterij, it reint en der is gjin minske op de lappen. Dêr komt myn rêding oan. De Frysker. As in fytser tsjin de wyn yn komt er deroan wrotten. De stoarm weaget him hinne-en-wer op it smelle dykje, mar hy komt!
De doar giet iepen en ik klim omheech, ik bin ienichste gast yn it buske. De sjauffeur sjocht my oan. 'Hat er ek in OV kaart?'
Ik skodholje. Mei in gemiene laits wiisd er my de doar. 'Bist de tredde al, haha! Mar gau it moaie waar yn, jonkje!'
Jankend lis ik op de kliemske klaai, en tink oan de strippekaart...

'Nee hoor, wij laten u niet staan!' Dat sei it fleurige frommiske fan de Arriva. 'U kunt ook een ritkaart kopen, die is wat duurder, maar we laten u niet nat worden.' (Ik hie har myn dream útlein)

Wat is der no feroare?

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen