Koffers

It is tryst, mar ik sil der net oer lige. Hjoed bin ik foar it earst yn kamp Westerbork west. Dat hie earder kinnen, en miskien wol moatten.
It waar wie der neffens, de hiele dei storein. Op de eftergrûn de lûden fan de TT. Mar alles foel fuort doe't ik lâns dy read-wite peal rûn. Symboalysk waard oanjûn wêr't it spoar lein hie. En dan it lêste stikje dat der noch leit. Ik ha net iens besocht om te betinken hokker freeslike tafrielen him hjir ôfspile ha. Of eins ek wol. Yn it besikerssintrum waarden myn eagen nei al dy koffers lutsen. Guon fan kanvas, de measten fan lear. Koffers dy't troch hannen fêstholden binne. Hannen fan minsken dy't faaks noch hoop hienen dat dizze dream tydlik wie.
Doe seach ik in boek. Transportlijsten naar Sobibor. Boppe de measte transporten stie: Niemand van dit transport heeft de oorlog overleefd.

Ik skamje my. Hjir hie ik earder komme moatten.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen