Minder trûdaboers!

Peije dei is in strjitfestifal dat ien kear yn it jier yn Drachten plakfynt. Tradisjoneel spylje dêr in soad trûbadoers, lykas Piter, Gurbe, Jaap en dyselde mei dy lange sik fan Sumarreheide. Doede dus. Dat lûkt altyd in soad folk nei it sintrum fan it oars sa sigerige Drachten ta. Suksesformule.

No wie de kop boppe in artikel yn de Drachtster krante dat oandacht joech oan kommende sneon, (saterdei yn de Wâlden) dat de organisator minder trûbadoers útnoege hie. Hy woe nije bands in kâns jaan. Fansels is dat goed. Mar Jan IJsbrandy hat net folle doel oer wat it publyk wol, bin ik bang. Dy wolle no krekt dy fjouwer manlju sjen en hearre. Op de foto dy't derby stie wie it Franse Pleintje te sjen, wy wienen dêr ek en doe koest dy de kont net keare, safolle folk. De Fryske boekemerk yn de moanne fan it Fryske boek soe der jaloersk op wurde. Dêr spilen dus de fjouwer trûbadoers.

Peije Rasp wie de lêste speelman yn Fryslân, hy swalke yn dizze omkriten oant er deagie yn syn wenwein. Hy spile op in lûksek, en wie dus neist trûbadoer ek de nammejouwer oan dit festifal. Reden te mear om gjin speelmannen mear út te noegjen? De logika yn dit ferhaal ûntgiet my folslein. En Gryt is der ek al net. Dy sit yn Alaska, mei lytse Teake.

Wenje dêr ek Friezen?

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen