Polityk korrekt gejeuzel

Flau, hear. De plysje brûkt de motor âlvestêdetocht as molkko. Fansels op in moai rjocht stik dyk tusken Spannenburg en Wâldsein, dêr't je it gas efkes lekker iependraaie kinne. Hiel flau. Dogge se ek elts jier nei de TT, maklik jild.

Noch folle flauwer is it polityk korrekte gejeuzel op de Omrop oer sa'n foarfal. Helje se de foarsitter foar de radio. 'No, 350 printen útdield, skrikke jo dêrfan?'
'Ja, dêr skrik ik bot fan.' LIGER!!!  Fansels skrikt dy man dêr net fan, dy snapt dy motorriders wol. Gesellich in dei fuort, en sa'n ding wol no ienkear lekker opsjitte. Mar hy moat it wol sizze, oars falt hiel korrekt Nederlân oer de man hinne.
En de presintator mar trocheamelje oer wat se dêr no oan dwaan moatte. Jasses, sok folk is blykber nea jong en ûndogensk west. Besla soks mei de gek, dy fytsers binne yn de regel folle idioater dan de motors. En doch dy fytshelm ôf, it is gjin gesicht. Jimme lykje wol Dútsers.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen