Famyljeberied

Pfoe, dat falt noch net ta. Twa bern dy't sels nei oantrunen neat witte dat se wolle soenen, in pear âlden dy't it op wat 'mei kultuer' hâlde. Dreech, sa'n frije dei. It bêste soe wêze om gewoan wer op bêd te gean en de hiele dei fuort te sliepen, mar ja, de sinne skynt, no?
Hawar, we binne der út. Noch net folslein nei it sin fan allegearre, hear ik yn de keuken, se fleane elkoar no ferbaal yn it hier. As we aanst yn de auto sitte hoopje ik dat it saksearret, oars koe it wolris in koart útstapke wurde. As we net mei in striemin sin thúskomme is de dei al slagge. Ofkeapje mei patat of pizza, dêr sil it wol wer op delkomme. En morgen gezond weer op. Je ha fan dy dagen...

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen