FFFestifal

Machtich! Foarlêze foar âlderein. Bûtendoar begûn de wille al. Twa froulju op in bankje, mei in grouwe boarre tusken harren yn. Dan ha je daliks praat. It bist waard goed fersoarge, sa seiden de dames. Op myn fraach oft se ek nei de seal komme soenen, andere de iene dat se besite ferwachte, dat it koe neat wurde. Mar der wienen aardich wat dy't op tiid de sliep út hienen, alhoewol de fêste tiid foar de boekeklup oars in healoere letter wie. Dat kloppe dus, healwei skarrelen noch in stik as wat efter de rollator de smûke romte yn. Ik leau net dat se it earste part mist ha, want doe't se in bakje tee mei cake krigen hienen, wie it krekt of wie de show amper los. Smûk wie it. In graad as tritich, mar it rútsje mocht net iepen, want dan siigde it te bot, no?
En lêbje! Om je de bûsen út te skuorren. Twa dames hienen slaande deilis oer it feit dat de iene oeral de bek ynsloech, wylst de oare sei dat se ynteraktyf dwaande wie. Se binne der net útkaam.

Al mei al in tige slagge oerke. En, omdat hjoed de Reade Tried by de Omrop stelde dat de kultuersektor harsels of himsels mear bedrjippe moat, ha ik mar skamteleas reklame makke. Fiif boeken ferkocht, wylst de keapers allinnich noch mar grut letterboeken ûntsiferje koenen. It sil troch myn prachtige bosk krullen kaam wêze. Dêr rekke ien fan de oanwêzigen net oer útpraat, wylst in oar my seis kear op syn nije rollator attint makke hat. It wie ek in hiele moaie, Ferrari read.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen