Reen op sneen

Reen op sneen. De geeten lizze te wjerkôgjen, de hinnen lizze in ee. Guon binne nei de preek, sa as eltse week. It tongert ek noch dizze sneen, ween, minsken, ween. Wat moatte je op sa'n dee? De kachel op sees en in boekje derbee. Wat makliks ite, oars is it my tefolle griemeree. Ik mee wol oer sa'n dee, it is lekker rêstich op de wee. No fuort te autoriden bringt in soad foardielen mee. Jo kinne opsjitte, gjin lijeree. Oars bin ik op de dyk faaks net sa blee, ik toarkje altyd efter ien oan, eltse dee. En dy foar my rydt krekt te stadich neffens mee. Dus dan jee ik der omhinne en sjoch gemien opzee, sa fan: sjit no dochs op mee dyn rideree. Net dat it helpt, se wurde yn myn spegel stadich wee. Soms bringt de post in print foar my mee, dan wie ik net op myn iepenst mee de flitseree. Oft ik dan mar wat oermeitsje mee. Op de rekken fan it CJIBee. En dat wylst der op de wee nimmen lêst hie fan mee. Aakliksma's binne it, dy lju fan dy bonskriuweree. It sil harren der nee gean, wie wat ús beppe altyd see, mar dy is al jierren wee. Aardich minske oars, neat mis mee. No, mar in goede sneen.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen