Stonehenge

Sitaat út de LC fan juster: De rancune van politici tegen andere bevolkingsgroepen, tegen mensen die wel van kunst en cultuur houden, tegen iedereen die niet naar simpele antwoorden vraagt maar neigt naar nuance. Het gaat om trots te zijn op je domheid.

Aldus Ramsey Nasr, dichter des vaderlands. Lit my foarop stelle dat dy titel dy't er in jier as wat lyn krigen hat, my ta de strôt útkomt. Mar dêr giet it no net om. Hy seit it krekt sa't it is. Grutsk wêze op jo eigen dommens, dat is wat dit regear is.

Dêr komt noch wat by. Wat no as je in, lit my in foarbyld neame, in soachynstelling sanearje wolle? Dan helje jo in manager út de supermerk, ien dy't totaal, mar dan ek gjin gram feeling hat mei wat dêr spilet. Dy giet yn in kantoar sitten en sjocht inkelt nei sifers. Net nei de minsken efter dy sifers. Dat is mei Halbe ek it gefal. Hy seit dat er dit en dat op it mêd fan kultuer moai fynt. Niks dêrfan. Hy is gewoan in hurde sanearder, mei as beheining dat er út Fryslân komt. Dêr ha dy hege figueren handich gebrûk fan makke. Dat ferfelende rotploegje dêr yn verwegistan sille we earst mar in kopke lytser meitsje. En Halbe hie it mar op te fretten, want oars hienen se him oan de peal nagele.
It is net besteanber dat de twadde rykstaal yn dit lân de hân ophâlde moat yn Grins. God, wat sille dy lju in wille ha. Grins wikt en beskikt.

Dêroan kinne je sjen dat se dom binne dêr yn den Haach. Totaal gjin feeling mei wêr oft se mei dwaande binne. It is dat der hjir of dêr noch immen omrint dy't yn Grins studearre hat, oars hie it der foar dat plak ek min foar stien. De wrâld bestiet út it Gooi en Brussel, dêr kinne jo de bonus ynkassearje. Net yn it wynderige noarden fan it lân. Dêr geane we in dei as wat hinne te silen, of nei Oerol. 'O, nee? Gaat dat niet meer door volgend jaar? Wat? Door ons? Nou, dom foutje, haha! God, ik was helemaal vergeten dat Terschelling bij Friesland hoorde! Ehh, oké, dan gaan we toch een weekend naar Stonehenge, boek jij de tickets? Tot zo!'   

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen