Net nei Drachten

Stel jo wenje hjir. Yn it fersoargingsgebied fan Drachten, haadplak fan de gemeente Smellingerlân (sis mar net Drachten).
Dan soe it wêze kinne dat je foar ien as oar boadskip nei de hoofdplaats moatte, no? Goed, stel jo moatte út Boarnburgum wei nei Dr88. Gewoanwei geane je dan fia De Wylgen en dan oer de Lauwers. Jammer, wurdt oan de dyk wurke. Dus troch de Drait hinne grieme, spegels der ôf en mear fan soks. Of oer de Overstesingel, in pear kilometer om. De Stasjonswei liket op de Sahel, en dat duorret ek noch wol efkes. Kinne je ek net delride. Dus dan mar by it Drachtster Lyceum del. Dêr ha se drompels sa heech as de Mount Everest, echte carterfretters. Myn skokdimpers binne omtrint oan ein, en de ein is noch net yn sicht.
Heldere gedachte: Gean dan oer It Súd! Wat komme we dêr tsjin: Strjitlizzers! Dy't, omdat der gjin wurk is, mar se hienen fêst noch wat wikseljild fan de gemeente te goede, it fytspaad tusken it tolhûs en it kleaster op de kerrel krigen. Wat sille we dêr no ris mei dwaan? Ik wit it! In oare kleur tegels! Kostet in pear sinten, mar dan ha je ek neat. Ja, je ha wol wat. Dy ferfelende fytsers, dy moatte we dan mar wer omliede, gedonder. En hoe dogge we dat: Oer de rydbaan fan de auto's! Yes, jo ha de sigaar wûn!
Dus it ferkear dat mei it smoar yn Dr88 besiket te berikken, wurdt dêr as klap op de wit ik wat noch in kear op stopljochten en ien rydbaan traktearre.

Ien advys: gean net nei Drachten. Dan bin ik teminsten wat earder te plak. Briljante geasten dêr op de ôfdieling iepenbiere wurken.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen