Genoegdoening aan slachtoffers

Okee, dan no mar wer wat serieus. Slap gelul genôch op ynternet, dit giet oer Knevel en Van den Brink. Dan moat it wol earnstich wêze.

Reagearje en regearje fanút it ûnderliif. Dat is mei in oar wurd emoasjepolityk. De dame fan de PVV lei út dat in strafmaat út trije parten bestiet. Sy wol it plafon út dy strafmaat helje. Yn slimme gefallen sa as mei dy freeslike saak oer bernemisbrûk. Geweldich, dy figueren kinne se nea lang genôch fêstsette. Dat is de earste gedachte dy't je dan ha. Mar doe't se sei dat dit idee kaam inkelt omdat dan it tredde part fan dy strafmaat mear ta syn rjocht komme soe, ja, dan ha je dochs wat fraachtekens.

Dat tredde part is 'genoegdoening aan slachtoffers'. En dêrop in wet feroarje is no krekt wat emopolityk sa gefaarlik makket. It is oanloklik, en op it earste gesicht is der gjin spjelde tusken te krijen. En litte we wol wêze, bern misbrûke, it is net te leauwen.
Clairy Polak siet der ek. En dy jokke de hannen, dat koe ik sa wol sjen. Dy hie dizze dame wol in goed kertier trochseagje wollen. Oer fundaasje fan hoe as je in wet oanpasse moatte. Oft soks op basis fan ynsidinten barre moat, emopolityk dus, of dat je der wat langer oer neitinke moatte.

De styl fan de polityk is foar it grutste part 'spoeddebat'. Refleksje en besinning is gjin tiid foar. Soe wol moatte. Al hoe lekker it ek skoare soe om Robert M. fiif kear libbenslang te jaan.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen