Myn briljante brief

No, ik ha krekt in brief skreaun oan de 'Leden der Staten Generaal'. Wês mar gerêst, keunstsinnich Fryslân, no komt it wol goed. As se dit brief lêze, slaan se Halbe om de earen. Hoe koest no sa? En mear fan datsoarte teksten sil er opfrette moatte.

Nee, ik bin bliid dat ik hjir in skoftsje tiid foar útlutsen ha. Jo moatte wat foar de mienskip oer ha, no? En mei dit brief ha ik de saak rêden, dêr bin ik wol hast wis fan. Der bliuwt neat oer fan alle fiten dy't se úthelje wolle. As ik der goed oer neitink, binne sels Tryater en Oerol yn ien kear út de soargen, der komt ekstra jild harren kant út.

Wat in knappe brief al net docht. Ik hie him folle earder skriuwe moatten. Mar dit is dramatysk besjoen wol in knappe timing, aanst falle frou Bruinsma en Schoppert my om de hals as ik se tsjinkom. En dat sil grif barre, want no wurdt ik oerOl foar frege, nei dizze briljante brief.

Tring!!! O, shit, de wekker.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen