Hûnelibben

Efkes in pear situaasjes:

In skiep de hals útsnije sûnder ferdôving. (It bist hat syn hiele libben noflik frette kinnen, mei wat gelok hat er gjin rotkreupel hân)

In ko omfoarmje ta gehaktballen en kofleis. (As in bist it net nei it sin hat, jout er minder molke, dizze hat mear as 10000 liter yn it jier produsearre)

In hin de kop ôfslaan. (It earste dat in hin docht as se har net goed fielt: ophâlde mei lizzen, dizze dêr't ik it oer ha lei wol, mar friet daliks har eigen aai op. En dy fan de oaren, mei neist har in folle foerbak. Opromje dus)

In hûn hâlde yn in flatgebou. (Baaske is de hiele dei oan it wurk, jûns makket er him drok foar de Bistepartij)

Fertel my no ris, hokker bist hat it hjir yn Nederlân no beroerd? Dy hûn of dy oaren?

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen