Mingde gefoelens

Juster in strak konsert fan Barry Nice and the nice guys sjoen yn Heech. Goede band! Leuk barren ek, Heechspanning, mei de Hûnekop, Jaap Louwes en mear. Goed gefoel.

Fannemoarn in resinsje yn de Ljouwerter krante. Koart krieme: goed gefoel.

De hiele dei op it hiem omgriemd, boskmeaner oan smots, €700 lichter foar in nije. Minder goed gefoel.

Ron Jans, ús pinguin, sa as se him op de Easttribune neame, bliuwt oan. De rest is bysaak. Striemin gefoel.

Mingde gefoelens. Mar, we ha it djiptepunt no wol hân, it kin allinnich mar wer better wurde. Altyd posityf bliuwe en yn kânsen tinke. As junior no aanst mar net fan de pony nukt, dan falt it kaartehûs ynmekoar.

Reacties

  1. dat gefoel fan dy 700,00 euro ken ik, 'n pear wiken lieden is myn butenboardmotor jatten: 500,00 lichter, no sa!
    Al dy apparatebrut, je mutter der ek mar op passe!

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen