Lúks switte

Der binne in oantal dingen dêr't ik echt in bloedhekel oan ha. Dit waar begelyks. Ik fyn it freeslik om al te switten as je neat dogge.
It ôfrûne wykein ha se my foar it earst safier krigen dat ik yn in sauna sitten ha. It ding wie der, en om yn ien kear fan al myn foaroardielen ôf te wêzen ha ik it mar dien. Earst goed lêze hoe't soks wurket, it sil je dea mar wurde. Tusken de 40 en de 50 graden moast er stean. Stadich begjinne, dus 40. De klean út, en dêr sitte je dan. In hokje fan oardel by twa. Radio mei foute hits. En wat moatte je dan? Wachtsje oant je switte. 15 minuten, dan moast de sesje oer wêze. Doe't ik de helte hân hie, ha'k it stomme ding mar op 65 graden setten. En de klok nochris op 15 minuten. En mar wachtsje, jesels wat besjen, no, dêr knappe je boppe de 40 ek net mear fan op, kin ik jimme melde. Hawar, doe't er sawat op 70 stie kaam der zowaar hjir en dêr in dripke foar it ljocht. Swit, bedoel ik. Ein fan de sesje. Yn de dûs, eins nearne foar nedich, switten hie ik amper, mar dy Finnen dogge it ek. Snie lei der net yn Drinte, dus dan mar de brûs oer de lea.

Hjoed betiid oan it wurk, it soe waarm wurde. En dat waard it. Ik wie amper in kertier oan de gong, doe peazgen my de sokken al yn de learzens. It is gjin fris ferhaal, dat snap ik, mar it giet earne oer. Lúks switte yn in sauna? Ha, kom my mar in moarnskoft helpen, sil ik jimme sjen litte hoe't je switte moatte. En foar de rest: lit it asjeblyft wer winter wurde, nije wike of sa. Rotwaar, dat is it.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen