Posityf

As it der is moatte jo it net lizze litte: posityf nijs! En wol oer de Omrop, no, dat is my wat.

Dit berjocht giet it oer:

De plysje is op syk nei in scooterrider dy't tiisdei yn Ljouwert in man mei in hûn oanriden hat. De hûn hat dat ûngelok net oerlibbe. De scooterrider ried op it fytspaad tusken Camminghaburen en it Alddiel, dêr't de man mei syn hûn rûn.

De fertochte ried tusken him en de hûn troch en kaam tsjin de riem oan dêr't it bist mei fêstsiet. De man foel en de hûn krige de halsbân sa strak om de hals dat er smoarde en deagie. De scooterrider is trochriden.
Minsken dy't wat sjoen ha, wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.

En myn hert makke hast in hipke! Sjoch nei de lêste rigel, wy wurde no wer frege om wat foar de mienskip te betsjutten. Dat hat wolris oars west.  http://stikelstekker.blogspot.com/2011/04/moatte.html

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen