Moatte?

Der wie hjoed in wapene oerfal yn Stiens. Slim genôch, dêr net fan. De Omrop berjochte: 'As immen de man sjoen hat moatte jo mei de plysje belje.' Ein sitaat. Moatte? Hoesa? Wêr is de fatsoenlike fraach bleaun? Neffens my wie: 'As immen de man sjoen hat wurde jo frege om mei de plysje te beljen,' de júste wize west om ferslach te dwaan.
We wurde yn dit lân brainwasht om alles wat we sjogge en dat neffens ús net goed is, daliks troch te jaan. Buorfrou dy't op snein neaken troch de tún rint en wy soene der argewaasje fan ha? Belje mei de plysje. Immen dy't de hûn útlit op it klaverblêd by it Hearrenfean? Belje de plysje. O, o, wat fiele we ús dan geweldich. 'Ik ha daliks belle! It moat net mâlder, wat miend sa'n fint wol net!' No, jimme binne helden, hear. Sûnder dizze maatskiplik korrekte figueren wie ús lân in ein minder ôf. It duorret net sa lang mear of de milieuplysje stiet op de stoepe as je winterdeis de auto fiif minuten rinne litte, omdat je dan net fan dy kâlde bonken ha as je der yn stappe, en de ruten moai skjinraand binne. Mei net. Belje de plysje. Bah.  
Dat se dy keardel oppakke moatte is helder, mar as ik troch sa'n berjocht oerhelle wurde moat om immen der by te lappen? Dat wurket by my averjochts. Sykje him dan sels mar op. It is noch wol in fraach wurdich, dochs? 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen