Guozzen

Bleeker ferklearret de wintergoes fûgelfrij. Dom. Dy bisten folgje har natuer, en briede yn Ruslân en de Baltyske steaten.
Oplossing foar it fraachstik oer de rôffûgels: sjit dy simmerguozzen del en lit se lizze. Ha de iesiters wat te fretten. Ien earn út de Lauwersmar kin al dy guozzen net op.
De measte simmerguozzen hearre hjir net, mar bliuwe hjir al. As je dan dochs yngripe wolle, romje dy bisten op. Sa snijd it mes oan twa kanten. Mar it sil wol net sa gean, de oanblik fan in oanfretten deade goes is foar guon fansels wer net te fernearen. Nee, de rôffûgels kinne better alle aaien opfrette, en de piken derby. Dat is in snack, yn ien kear op. Dat sjogge jo net, en dan is it goed, no?  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen