Grut letterboek

Allegearre leuk en aardich, mar der sit wol in serieuze kant oan dy bloch fan 7-6-2011. Hjoed ha ik dus foarlêzen yn in âldereinynstelling. Prachtich om te dwaan, maaaaar...

It Frysk proaza kinne je neffens in jier as tritich tebek oan de strjitstiennen net mear kwyt. En it âldminske dat tsjin my sei dat se de lytse letterkes net mear lêze koe, sette my oan it tinken. We wurde âlder, en de doelgroep foar it Frysk ek. Like it or not. Se sille der by de FPB,  Bornmeer, de Afûk en wit ik hokker útjouwer dan ek mar, noch nea in fergadering oer hân ha, mar doch dat dan mar in kear.

Miskien is it in idee om de boeken foar in part yn grut lettertype út te jaan. Hjoed waard my sein dat guon allinnich noch mar boeken lêze dy't sa op de merk brocht wurde. Want oars kinne de eagen it net mear risse, hoe graach se it ek wolle soenen. Kommersjeel besjoen soe ik, as ik útjouwer wie, yn dat gat springe. De wrâld sit stiiffol âlderen, dy't gjin donder by de ein ha, mar op in tiisdei wol nei de seal yn it soarchsintrum komme. Ik wit it, it is gjin útdaging, mar wol sa't it is. As dy minsken troch in gruttere letter noch in jier as tsien Fryske boeken lêze, kinne de gelearden yn dy tiid betinke hoe't se nije boarnen oanboarje kinne.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen