It Dak Fan De Wrâld no ek as e-book te krijen!

No, no. It kostet wat muoite, mar it is te finen.

Juster fertelde in kollega skriuwer my op Twitter dat It Dak Fan De Wrâld as e-book op de merk kaam wie. Prachtich moai, alle minsken dy't gjin steapel boeken ha wolle, miskien in allergy foar papier of inket ha, jim kinne no digitaal te plak.

Wêr dan? Eh... Ja, dat is wol efkes sykje.

Wy hienen thús International trekkers. Buorman hie Ford. Ik sil dus nea op in Ford Dexta ride, dat sit net yn de genen. Past net by my. Reade trekkers moatte it wêze.

Nuvere tuskensin? Nee, hear. Soks is ek sa mei winkels. Ik gean nei de Gamma, net nei de Praxis. Wylst ik earst de Praxis tsjinkom op de MLK boulevard yn it mondaine Drachten. Mar ik tuf altyd troch. Dat is ek sa mei oare winkels. En dêr woe ik it mar by litte, in goed fersteander (en dy binne der wol) sil hjir wol genôch oan ha.

Ja minsken, in priiswinnend boek as e-book. It is my wat. Benijd oft soks wat ferkeapet. Yn dat ramt soe it wat makliker te finen wêze moatte. Mar it is noch mar krekt út, dus dat sil grif noch omtinken krije.

Foar al dy tûzenen dy't dêr net op wachtsje wolle? Hjir is de link. Wat? Twa linkjes, wat kin it my ferhippe. Apart dat De Lêste Trúk pas yn 2013 út komt. Ik ken minsken dy't it al lêzen ha.

http://www.ebook.nl/store/dak-fan-wrald-p-202537.html
http://www.linnaeusboekhandel.nl/?option=com_mbhbooksheet&task=bookview&Itemid=10008&query=9789033003073&disp=&kml=&bav=&delc=

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen