Krystferhaal



Krystferhaal

De pil

Buorman sil oan de pil. En ik tink der sterk oer om dêr ek mar ta oer te gean. Litte we mar net om de hite brij hinne draaie, it is net mear te beteljen. Alles wurdt djoerder, en se ha je sa yn de skjirre dat der gjin ûntkommen oan is.

Foarbyld: Jo sitte krap by kas, en slaan de rekken fan gas en wetter mar ris oer. Foardat jo it witte sitte jo mei de winterjas oan yn ’e hûs. En se ferblikke net, de beulen dy’t de kraan tichtdraaie litte. Lytse bern as net, kâld sil it wurde.

Wy sitte yn in delgeande spiraal. Der is gjin wurk, dus wurde der minsken op ’e dyk setten. Dy leverje keapkrêft yn, dus minder ekonomyske omset. De hûzen binne aanst folle minder wurdich, dus wat dogge de minsken? Sitten bliuwe en wachtsje op bettere tiden. Logysk.

Jo soenen graach earne in posityf ferhaal hearre wolle. Oer dat it tafalt mei de opwaarming fan de ierde. Dat oar jier de kosten omleech geane en de ynkomsten net sakje sille. Mar neat fan dat alles. De banken sitte as in hin op aaien, wêr’t al dat jild bedarre is dat alle minsken betelle ha oan harren pensjoen wol ik it mar net iens oer ha. Ferdampe.
Dan is it dus tiid foar in sterke man yn de polityk, dy’t it folk wer wat moed yn praat. Dy’t seit ‘Kom op, we geane der foar.’ En dêrnei net besiket in folk út te moardzjen, want sokken ha we gjin ferlet wer fan.
Ik ha yn it lytse skoft dat dit regear der no sit oars noch net heard as dat der mear besunige wurde moat, en dat it oar jier noch slimmer wurde sil. De iene ekonoom seit dat der tefolle nei Brussel syn pipen dûnse wurdt, in oar wol daliks ophâlde mei besunigjen om de ekonomy wer op gong te bringen, in tredde seit dat de 3% fan Brussel hillich is.

Is it in wûnder dat de minsken somber wurde? Wa moatte je leauwe? Saken dy’t yn partijprogramma’s tasein binne wurde fan tafel fage omdat der kompromissen sluten wurde. Ik begryp wol dat soks moat, mar se stappe der sa maklik oerhinne. In pear oeren de ferplichte jammerklachten fan de opposysje oanhearre en dan gau oan ’t bier. Mei de foaroanmannen fan dy opposysje, dy’t harren in oere lyn noch foar fan alles útmakken, fleurich mei op sleeptou. Efkes bekomme mei syn allen. It gie der wer omwei, net? Ja, haha!

Myn grutte soarch is dat we werom gean nei tiden dêr’t allinnich bern fan ‘welgestelden’ de kâns krije om te studearjen, en dus as puber al witte dat sy aanst de lekkens útdiele. Dat moatte wy mei syn allen net wer wolle, al krij ik sterk de yndruk dat der in kategory minsken is dy’t dat hielendal net slim fine soe.

Dat yntylt ploechje fan elkoar de baantsjes taskowe is fan alle tiden. Mar wy wienen dochs mei syn allen dy kultuer ûntgroeid? Wy wienen dochs fan de generaasje dy’t yn elts doarp syn biblioteek hie, sadat der kennis garre wurde koe? Wy wienen dochs fan de generaasje dêr’t in arbeiderssoan it ta direkteur skoppe koe? Wy hienen de ellinde fan de 30er jierren dochs efter ús litten? Wy wienen dochs de generaasje fan de man op de moanne? Wy wienen dochs de generaasje fan it ynternet? Wy wienen dochs...

Wy wienen, ja. Mar wat binne wy? It lytse mar krigele lântsje Nederlân stiet yn de top 10 fan meast rike, ûntwikkele lannen fan de wrâld. Dat ha ik net betocht, dat sizze ûndersiken. Nuver. De voedselbanken sjitte as poddestuollen ta de grûn út.
As in lân dêr’t de stille earmoed grutter en grutter wurdt him yn de top tsien fan de wrâld werom fynt, hoe slim soe it dan earne oars wêze?

Ik tink der dus sterk oer om oan de pil te gean. Dêr wurde jo wol duf fan, seit buorman. Jo flakje ôf. Mar it skynt te wurkjen as middel om fan it smoken ôf te kommen...

Ik winskje jim alle goeds yn 2013.

Reacties

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen