Rydplaten diel twa, Het Polderhoofdkanaal

Ja, no moatte jim aardich yn jim ûnthâld. Rydplaten diel twa. Diel ien wie fan 9-12-2010. http://stikelstekker.blogspot.nl/2010/12/rydplaten.html

Hjoed is op de Omrop te hearren dat it neat wurde kin mei it iepenjen fan it ferneamde turfkanaal tusken Beets en de Feanhoop. Het Polderhoofdkanaal is in Polder-pineyndekop-dossier wurden. Oant no ta, ach ik wol it net iens witte hoefolle it al koste hat. Iepenje is in ferkeard wurd, by the way, ik ha der och sa noflik oer te riden west it ôfrûne jier, dus iepen is it al.

Rydplaten. Dêr wol ik it oer ha. Want dy dingen lizze der no al in jier as fjouwer yn de Kanaaldyk. Klearebarre pesterij fansels, omdat der neat mear dien wurde mocht 'hangende besluitvorming en bezwaren', jim kinne it wol, mocht der ek net 100 meter asfaltearre wurde.

Wat wol mocht, wie foar rûchwei € 15.000 yn it jier dêr dy rydplaten lizze litte. Mar dy dingen ferskowe troch it swiere ferkear. Molke en feefoer moat wol te plak en ophelle, no? Dus om de safolle tiid moatte dy dingen wer rjocht lein wurde. Ik tink net dat soks fergees dien wurdt, mei ekstra kosten as gefolch.

Dy rydplaten ha njonken de ellinde en it klapperjen dat se dogge, no sa'n 70.000 euro koste. Se ha neat dien, allinnich mar kosten opsmiten.

€ 70.000!!!

It sil my benije hoelang't se der noch lizze.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen