Gjin útlis, net belje

Ach ja, lit ik ek mar in listje meitsje. As Jan en alleman it docht...
In listje oer 2012. Wat soe dêr yn moatte?

Seis saken dy't ik as posityf betink, de folchoarder is net per definysje goed:

1. Eat dat ik fannemoarn dien ha. (gjin útlis, net belje)
2. Dizze bloch. Ik bin der grutsk op dat safolle minsken dizze side besykje. Ik stean yn gjin inkele list fan Fryske bloggers, en ek dêr bin ik grutsk op. Justerjûn ha ik in sifer twittere, ik sil it hjir nochris opskriuwe. 4634. (gjin útlis, net belje)
3. 15 febrewaris 2012. (gjin útlis, net belje)
4. 1 juny 2012. (gjin útlis, net belje)
5. Myn hûshâlding. (gjin útlis, net belje)
6. In petear op 'e Feanhoop. (gjin útlis, net belje)

Fiif saken dy't ik as net posityf betink, de folchoarder is net per definysje goed:

1. It ûntbrekken fan moed by mastodonten om wat te feroarjen. (kin oer belle wurde, better fan net)
2. Rutte, Samsom en it nije kabinet. (net oer belje, myn bloeddruk is no prima)
3. De lockout yn de NHL om in miljoen mear as minder. (lês dizze bloch en jim hoege net te beljen)
4. It management fan Sportklup Hearrenfean. (...)
5. It eameljen, it efter alle beammen in fijân miene te sjen, it ûntbrekken fan posityf tinken, it fêsthâlden oan bekrompen tinken, it in oar it ljocht yn de eagen net gunne, it as poddestuollen út de grûn sjitten fan voedselbanken, it belied fan de Omrop as it om skreaun Frysk giet, it immen in linkje tastjoere wêrtroch't ik weardefolle foto's fan de bern kwytrekke bin, it dogmatysk tinken fan tsjerken, de LC as tablet, it stjonkend jaloersk wêze sûnder reden en as lêste it folslein ûnbrekken fan humor by guon facebookers. (gjin útlis, net belje)

Alle goeds yn 2013. 




Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen