Paus Ratzinger is in bedriging foar de wrâldfrede

It is earste krystdei. In dei fan... Ja, hokker dei eins?

Yn Rome wennet in Dútske herder, dêr't miljoenen minsken blyn efteroan rinne. De man, dy't al hast yn in oar syn tiid libbet, fynt it noch altyd nedich om de wrâld mei syn ultra konservative gedachten te fersmoargjen. Wat dat is it, fersmoargjen. En it is wûnder, dat plein ûnder syn balkon stiet ek noch altyd fol.

Jo soenen dochs tinke dat er út de skiednis dy't noch net sa fier efter him leit learing lutsen hat, en wat in rommer byld oer syn lytse wrâld krije moatte soe. Neat is minder wier. It stumper, de paus, want dêr ha ik it oer, wol ús noch altyd leauwe litte dat yn folchoarder: Euthanasie, abortus en homohoulik in bedriging foar de wrâldfrede is.

Hokker bekrompen spin dockter hat de hear Ratzinger yn tsjinst? Eins woe ik sizze: wêr hellet de man de goare lef wei om soks yn 2012 noch op it aljemint te bringen?
De radikale moslims, de radikale roomsken, de radikale oare minsken dy't in leauwen oanhingje, de radikale minsken dy't gjin religy ha? It is lead om âld izer. Dat folk is in bedriging foar de wrâldfrede. Net de gewoane tsjerkegongers, de gewoane thúsbliuwers. It binne de radikale oanfierders dy't skea dogge.

De roomske tsjerke is wrâldwiid ferspraat. Ik wol net leauwe dat myn buorfrou, in skat fan in minske, en sa roomsk as wat, har fersette soe as twa minsken dy't tafallich beide man as frou binne, de lâpen gear smite omdat se fan elkoar hâlde. Ek foar de beide oare 'bedrigings foar de frede yn de wrâld' hat sy tefolle ferstân foar krigen om der in saak fan te meitsjen.

De paus is in bedriging foar de wrâldfrede mei syn bekrompen tinken. Hy set minsken tsjin elkoar op. Krekt as de oare radikalen. Oppakke dat folk. 




Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen