De Volkskrant bylage oer sosjale media

In learaar fan it Drachtster Lyceum wiisde my der op dat yn de Volkskrant fan sneon in bylage oer de foars en tsjins fan de sosjale media siet. Ik ha de krante daliks ophelle.

Sa as jim miskien wol witte, ha ik noed oer it brûken fan de sosjale media, en dan bedoel ik de ferslaavjende kant der fan. Yn in petear op it Lyceum ha ik dêr al ris mei de rektor en dizze learaar oer praten. http://stikelstekker.blogspot.nl/2012/12/petear-op-it-drachtster-lyceum.html

De bylage yn de Volkskrant hjit Vonk. Op side trije in sfearferslach fan Social City Helsinki. Finlân is ien fan de foaroprinners yn de nije wrâld, dat komt foar in grut part troch Nokia. In blomlêzing fan hoe't de boargers de oerheid fier foar binne as it om it brûken fan it ynternet giet.

Side fjouwer en fiif binne foar de stêd New Songdo yn Korea. In keunstmjittich paradys. Alles wat je dogge wurdt registrearre, oeral hingje kamera's, der is in golfbaan en in park dêr't Central Park yn New York model foar stien hat. Gangnam Style, de grutte YouTube hit, is der ek opnaam. Ik fûn it in artikel om deabenaud fan te wurden. Minsken dy't ferwurde ta robots, alles analysearre en folslein libje yn in wrâld dy't troch bylden en triedleas ynternet behearske wurdt. De ien neamt it in modelstêd, in oar fynt it neat.

Side 6 en 7 binne folskreaun troch Juha van 't Zelfde, wa kin de minsk net. In opsomming fan apps, en wat je der mei kinne. Napster, Soulseek, Instagram, Soundcloud, Tumblr, Foursquare, Stuxnet (in firus) en mear fan soks. Allinnich mar wat je der mei kinne, gjin wurd fan krityk. Dat is ek net sa frjemd, Juha is sels ferslave oan ynternet.

Side 8,9 en tsien giet oer Afrikaanske froulju dy't fia ynternet besykje in westerske man mei jild te finen. Soks komt der op del dat se healneaken foar in webcam sitte en dêrtroch de hormoanen fan allinnichsteande (of troude) westerske mannen mei tefolle jild op hol te bringen. Datingsites. Cupid Media, in Australysk bedriuw, hat in stik as 30 yn behear, bedragen fan ien miljard euro winst yn it jier wurde neamd.

Side 11 giet oer cyberpesten, dêr witte jim alles fan. In trein by Staphorst ensafh.

Dan side 12 en 13. Mark Deuze komt oan it wurd. En wer in ferhaal oer hoe't we mei it gegeven dat it der is omgean moatte. De sosjale media dogge neat ferkeard, wy ha de macht en de hear Deuze wol dy macht kreatyf brûke. Hy beslút mei in útspraak fan Theo Maassen. 'Pessimisme is zo gemakzuchtig, of je hebt gelijk of het valt mee.'
Slimmer fyn ik dat de hear Deuze seit: 'We leven niet met media, we leven in media.' Foldongen feit, dus.

Side 14 en 15 fertelt dat we al folle snoader wurden binne yn it brûken fan Facebook ensafh. De grins fan wat we mei elkoar diele wolle is foar de jeugd hiel oars as foar de âlderen. In bleate foto? Ach, it wurdt maklik oan kant skood, want we binne goed dwaande.

As lêste op side 8 in kollum fan Jonathan van het Reve. Oer de Slow Tech beweging, dy't seit dat ús Facebook, Twitter en smartphonesgedrach ta rampen lykas ferflakking, egotripperij, ferlies oan privacy en geheugen, geastesyktes, sensaasjesucht en sels terreur liede kin.
Van het Reve is klip en klaar. Doch dy boel dan út. Neffens him is it fout om de klok te lieden, dat is dom gedrach. Want we binne tige goed dwaande. Hy hat it oer Altruisme.

Tuskenbeide is ek romte. Dizze bylage yn de Volskrant wie in lofdicht, net in warskôging. Miste kâns, neffens my.

Updeet, dit artikel stie yn de NRC.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen