Ad ynterim

Wat letter as yn de plenning, mar hjir wie it bloch. Kalamiteiten kinne jo net foar wêze, mar lokkich, it is wer klear. Mei tank oan de firma Kootstra. Tige.

Hjoed sil de bûter jild jilde, sa wolle de oanhingers fan de Omrop ús leauwe litte. 6428 kear is de petysje fan de FNP ûnderskreaun, it is no 12.49. Piet foarseit snie.

Moarn is it de koartste dei. En ek daliks de ein fan de hiele rotsoai, neffens in kultuer dy't famkes as offer op in berch deafrieze liet. Tige betrouwber. Wêrom, Omrop, de reade tried oer dizze flauwekul?

Wis wol, in posityf bloch oer de needsaak en it besteansrjocht fan de Omrop is samar klear. Soks kin yn ien rigel. Mar first things first.

Op 13-12-2012 ha ik in e-mail nei de ad ynterim haadredakteur fan de Omrop stjoerd. De man hjit Diederik Bonarius en hat Jan van Friesland opfolge, al as net tydlik, dat wit ik net. Underwerp wie It Grut Frysk Diktee 2014.
In wike letter ha ik noch neat heard. Ek net sa fan: 'Wy ha jo mail krigen en komme der op werom' of 'Sorry, it kin neat wurde, mei groetnis'. Neat. Gjin wurd. En dat fyn ik net fatsoenlik. Sterker, dat fyn ik ûnfatsoenlik.

Wis wol, in posityf bloch oer de needsaak en it besteansrjocht fan de Omrop is samar klear. En dat wol ik ek bêst skriuwe, want ik fyn de Omrop wichtich. Mar, hear Koster, mei ik dan ek fatsoenlik berjocht werom as ik in fatsoenlike, opbouwende mail mei in idee nei de Omrop stjoer? Ik wachtsje ôf.      

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen