Operaasje Ensafh Maffia

Ha, de mailboks soarge derfoar dat ik hjoed al betiid om mysels laitsje moast. Dat is bonus op de betide moarn.

Earlik sein ha ik de skurft oan nijjiersbuorrels. Foaral as dy breedút op kosten fan de belestingbeteller bekostige wurde. Hihaho, in hân en oan it bier. Wat in sfear.

Mar soms moatte jo omstean. De redaksje fan it yllústere literêre Frysktalige blêd Ensafh stjoerde my in útnoeging foar in gearsit, sawat 14 dagen it nije jier yn. Der stiet net by dat it in nijjiersbuorrel is, mar ja, dêr ûntkomme jo hast net oan. It is net yn maaie of sa, no? 

Omdat ik sûnt koart sa no en dan in kollum foar de digitale Ensafh skriuw, mei ik ek komme. It wie reden om efkes te gnizen. De Bobo's fan Ensafh moetsje elkoar yn de Hoofdplaats. No, it sil my in klap jaan.

Sjogge jim it foar jim? Tsjin trijen in kamera, rjochte op de doar fan it plak dêr't it barre sil. Wat ûnwennig komt de earste der oan. 'Soe ik earst wêze?' sjogge jo him as har tinken. Efkes letter de twadde. Djip yn de kraach fan de jas, jo wolle net dat al dy groupies jo oanfleane. Sa fluch mooglik de doar yn. Ut it sicht.
Dan is it tiid foar de tredde. Unferskillich de peuk úttraapje op in plak dêr't dat net moat. In kear woest om him hinne sjen en dan nei de kachel. De rajonhaden ha noch neat sein, mar it is kâld. Efkes letter panderet nûmer fjouwer út it stasjon wei oer de zebra. Blaast wat yn 'e hannen, de wanten ferjitten.

As elts sammele is knikt de resjersjeur, dy't alles út in auto mei draaiende motor sjoen hat, tsjin syn maat. 'Se binne foltallich. Operaasje Ensafh Maffia kin trochgean. GO  GO GO!!!'  




Ik wol my hjirby mar opjaan.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen