Petysje, ik tekenje al

It regear hat wer ris sjen litten dat se net behindere wurde troch earder taseine ôfspraken, en dat se ek neat witte oer hoe't de saken der hjir yn it fiere Fryslân hinne lizze. De FNP is yn it ferhef kaam, en wol yn de mande mei Omrop Fryslân, It Nijs en de Ried fan de Fryske beweging jim oproppe om jim namme ûnder in petysje te setten. Dat is foar de minsken dy't it Frysk yn it hert drage fansels appeltje eitje, soenen jo sizze.

Jo moatte altyd yn kânsen tinke, dus is dit miskien wol in reden om ris goed by de taken fan de Omrop stil te stean. En nee, ik wol hjir net in soer djipfrysk ferhaal delsette, mar dochs. Op facebook stienen 50 redenen wêrom't Omrop Fryslân net yn de lytse loege komme moatte soe. Jim kinne se hjirûnder lêze. It is fansels wat populistysk yn elkoar knutsele, dat snap ik wol. Mar it is wol nuver dat yn dy 50 punten nearne it wurd BOEK neamd wurdt. Taal en lêze komme ek oan de krapperein.  Keatse, Tomke, en de muzyk slaan foar master op. Need op Freed. De K-rûte, Liet en och heden, se binne Oerol ferjitten. Derek ek. No, ja.

Alles goed en wol, it soe der by de Omrop wolris ynhammere wurde meie dat krekt dy taal harren besteansrjocht is. Dy domme Fryske taal, dêr't, as der ek mar immen in skeet dwers foar it gat hat, daliks ôfskie fan naam wurdt. Oerskeakelje yn it Nederlânsk as der mei bern praten wurdt, let der mar ris op. Dat automatisme sit al djip. Wy ha hjir yn it doarp ek bern dy't net Frysk prate, mar se fersteane it prima. 

It Frysk as besteansrjocht, en as iennichste kâns om de status dy't der no is yn stân te hâlden. Dat is efkes troch in soere apel hinne bite foar in organisaasje dêr't yntern de fiertaal Nederlânsk is.

As it net sa tryst wie, soenen je der lûdop om laitsje.

Mar ik tekenje al. Guon bloggers ha al tasein dat se it net dwaan sille, ik lis my der net by del. En miskien binne dy oaren ek oer te heljen as se de reden lêze wêrom't ik al tekenje. Gjalt de Jong. It sil ús dochs net barre dat nei 850 jier Klaas Jansma yn it earste jier dat Gjalt it ferslach dwaan sil de stekker út it skûtsjesjoernaal lutsen wurdt? 

Tekenje mar. Om Gjalt. http://www.romtefoaromropfryslan.nl/

 




1. Ik kin dochs net sliepe sûnder Bear Boeloe?
2. Wa docht dan live-ferslach fan de PC? En…
3. Wêr kin ik it oare keatsen folgje?
4. Wêr kriget Fryske streektaal yn muzyk in poadium as Radio
Froskepôle ferdwynt?
5. Wa lit my bylden sjen fan Fryslân hoe’t it eartiids wie?
6. Hoe krij ik myn bern oan it lêzen sûnder Tomke?
7. Fryske keunst en kultuer yn K-rûte; dat fynst dochs nearne
oars?
8. Wêr sjoch ik de nijste Fryske hits sûnder Klipkar+? En…
9. Wêr kinne leafhawwers fan harmony, fanfare en brassbands
terjochte sûnder it Koperkanaal?
10.Wa lit dan de Fryske Top-100 sjen en hearre?
11.Gjin nijsgjirrige dokumintêres sûnder Fryslân DOK. 
12.Wa docht dan wiidweidich ferslach fan it skûtsjesilen?
13.It giet oars nea mear Need op freed.
14.Wa siket it út en giet de djipte yn as Buro de Vries dat net
mear docht?
15.Wa besteget oars oandacht oan Liet Ynternasjonaal?
16.Moat Studio F dan ferhúzje nei Hilversum?
17.Wa toant my it lytse en grutte leed yn Fryslân?
18.Wa toant my it lytse en grutte gelok yn Fryslân?
19.Nea mear prachtige bylden yn Samar in momint.
20.Wa jout jongerein de kâns om sels in soap te meitsjen sa as
LinKk?
21.Wa sjocht mei my werom op de dei sûnder De dei foarby?
22.Wa leart de boppebou oer de eigen natuerlike omjouwing
sûnder Tsjek?
23.Wa bringt oars karakteristike Minsken foar it fuotljocht?
24.Nea mear Theo yn Hea!?
25.Fuort is dan Muzyk Maskelyn, it rêstpuntsje yn ‘e wike mei
moaie muzyk, makke troch de Fryske amateurmuzikant.
26.Wa toant my de masterlike sprongen by it fierljeppen?
27.Sil MTV de Fryske Music Night útstjoere?
28.Wa bringt my Hjoed it nijs dat my oangiet?
29.Och, dan leare we de Fryske skiednis wol op syn 11&30st.
30.Wa makket en toant dan Fryske soaps as Baas Boppe Baas?
31.Sûnder Omnium gjin achtergrûnen by en ynformaasje oer it
nijs dat Fryslân oanbelanget. 
32.Wa lit my laitsje as de studinten fan De flier is foar jim dat
net mear dogge?
33.Saken en minsken út it ferline wurde yn It paad werom in
spesjale belibbing mei Frysk byldargyf.
34.Hoe krije de doarpen in platfoarm sûnder Doch wat foar dyn
doarp?
35.En wa lit my sjen wat der yn dy plakken te dwaan is sûnder
Op en út?
36.Nea mear in nijsgjirrich ferhaal fan de gewoane Fries yn
Goeie!?
37.Sil Jochem van Gelder Frysk prate yn ‘Praatjesmakers’ as
Fertel mar der net mear is?
38.Hy kin dan net mear by Praat mar Frysk telâne as er al
fragen hat…. en
39.Marieke Swart fan WitWat siket it ek net foar him út.
40.Kin ik no nea mear Lekker ite mei Reitse?
41.Fia de omrop biedt it Frysk Museum yn MUSE Fryske
amateurkeunstners in poadium; wurdt dy unike gearwurking
eat út it ferline?
42.Wa lit de Fryske sporters en sportferienings oan it wurd
sûnder Boppeslach?
43.Wa jout Kommunikaasjestudinten fan de NHL de kâns om
sels in programma te meitsjen sûnder 180 graden?
44.Gjin unike gearwurking mear tusken Cedin taalsintrum Frysk,
Afûk en Omrop Fryslân sûnder It lân fan Efke.
45.Wa makket Fryske reklame as der gjin Omrop Fryslân is?
46.Is der dan noch live ferslach fan drafbaan Wolvegea?
47.Wa toant my de wei sûnder Moreel Kompas? 
48.Fynt de NOS de froulju fan SC Heerenveen krekt like
ynteressant?
49.Piet syn Moarn mar wer even yn it waar sjen komt op de
Omrop it bêst ta syn rjocht!
En lêst, mar o sa wichtich….
50.Om’t Omrop Fryslân alles behalve itselde is as oare
regionale omroppen!
Ljouwert, 15 desimber 2012

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen