Wek (wak) In grof skandaal

Nuver nijs hjoed op Stikelstekker.

Justerjûn siet ik op twitter it ferslach fan it iishockey te folgjen. Foar immen mei in sportôfwiking is soks normaal.
Wat net gewoan is: De tweet fan @FrieslandFlyers dy't melding makke fan it feit dat de wedstriid yn Amsterdam stil lei, omdat der in wek yn it iis siet. In wek? Yn in iisbaan? Ja, dat kin. En net omdat it bûtendoar net hurd genôch frear, it wie hjir in graad as seis boppe nul, dus de einen sitte yn de iisbaan.

Jaap Eden kearde him om yn syn grêf. De romrofte keunstiisbaan yn Mokum wie sa goed taret op in moaie pot hockey, dat de gatten yn it iis foelen. Net te leauwen.
Mei in wek kinne jo net sporte. En dus is de wedstriid staakt, de spilers fan de Flyers yn de bus en de 20-30 supporters ek wer op hûs oan.

Ut betrouwbere boarne wit ik dat it der mei it hockey net al te goed foar stiet. De media ha leaver fiif oeren ferslach fan in saaie reedridersdei yn in lege hal earne yn Sina dan dat se it hockey in kâns jouwe. En soks is skande, want der is op dit stuit in tige goede lichting spilers. Se ha lêstendeis in toernoai wûn, wêrtroch it Nederlânsk team fan 7 oant 10 febrewaris meidwaan sil oan it kwalifikaasje toernoai yn Bietingheim-Bissingen, Dútslân. Itaalje, Eastenryk, Nederlân en Dútslân stride dan om ien plak op de olympyske spullen yn Sochi (2014).

Sa ticht ha se der sûnt Lake Placid yn 1980(!) net wer by west. Alle reden om de sport te stypjen. As ik earlik bin, tink ik dat as je wrâldwiid nei reedriden en iishockey sjogge, it hockey folle en folle grutter is as it riden. Yn de NHL giet in pear miljard (!) dollar om. Allinnich yn Nederlân hâlde wy fêst oan it riden en litte it hockey deabliede.

It safolste read wyt blauwe poadium by in EK as WK? It lit de wrâld kâld. Sels by de sprinters is Nederlân aanst de bêste. Neat mear oan.

Tiid foar in petysje om it hockey serieus te nimmen? Ik tekenje daliks.

Op de foto it wek fan juster.

 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen