Jeffrey Gouweleeuw is gjin klupman. Doei!!!

Jeffrey Gouweleeuw is yn 1991 berne yn Heemskerk. Dêr begûn er mei fuotbaljen by ADO'20. Yn 2006 helle SC Hearrenfean him op en hy rûn troch alle jeugdâlvetallen hinne. Tront Sollied liet him yn it seisoen 2010-2011 debutearje yn it earste. Dat jier spile er 6 wedstriden op it heechste nivo. It ôfrûne jier 29.
Jo kinne dus sizze dat ús Jeffrey ien jier meidien hat by de klup dy't him syn oplieding jûn hat. Juster sei er dat it tiid wie om in stap hegerop. AZ. Sjoch nei de ranglist en jo snappe dat daliks. AZ hat likefolle punten as It Feen, de tibune yn Alkmaar is noch krekt efkes leger as dy yn It Feen. Echte klupman, dy Jeffrey.

Ik ha Gertjan Verbeek heech sitten as trener. Marco van Basten ek, mar dat komt omdat ik him dan yn gedachten fuotbaljen sjoch by AC Milan. In pracht fan in spits. Hat 6 jier by Ajax spile en is dêrnei yn Milaan telâne kaam. As jo by jo earste klup 133 wedstriden spile, en dêr yn 128 goals makke ha, meie jo wol sizze dat jo in klupman binne. 

Gertjan wie ek tige goed as fuotballer. Hy koe hiel goed in diagonaal fan 100 meter drave, om lofts en rjochts in man as wat ûnderút te skoffeljen, omdat er se tafallich tsjinkaam. Dêr skamme er him net foar, Gertjan wie in wurker. Wy neamden him op de easttribune fan it âlde stadion faak in blyn hynder. Mar wy wienen wiis mei ús Gertjan. Hat 250 wedstriden yn it earste fan It Feen spile, 38 goals. In klupman.

Kom ik wer op de nije generaasje fuotballers, en it jild dat de sport behearsket. De snob Gouweleeuw, dy't de fuotballer wurden is dy't er no is troch de oplieding fan It Feen, mient nei ien jier folweardich meidraaie yn it earste, dat it tiid is om in stap hegerop. En tinkt dat er fan de om him hinne skoppende ferdigener Verbeek mear leare sil dan fan de stylist Van Basten.

In strik der om en gau ferkeapje. Jeffrey Gouweleeuw is gjin klupman. Doei, Jeffrey, wy sille dy net misse. En wy sille ek net mei triennen yn de eagen nei dy sitte te sjen ast in ôfskiedsrûntsje troch it stadion rinst, sa as dat mei klupminsken noch wolris barre wol. Nim no dy trener fan It Feen bygelyks. Dat wie in klupman, Jeffrey.



  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen