Droechneuke

Wylst de wrâld him drok makket oer in fisk dy't domwei syn tiid hân hie, op in sânbank telâne kaam en dêr net it sirkus ferwachte hie dat er oantrof, wylst de wrâld him drok makket oer it feit dat je fan de krystman hjoed-de-dei bil-ymplantaten freegje meie, ja, it is echt wier, wylst Madonna in suterige €173 miljoen byelkoar garre hat troch yn in netpanty te droechneuken op in poadium, is der noch ien lyts ding dat ik efkes ûnder de oandacht bringe wol.

Stel: Jo meie graach út in fleantúch springe. Mei in donderdeldoekje. Sels witte, elts syn hobby. Mar is it dan net nuver dat se nei de tiid net efkes freegje hoe't it wie? Dy fisk hie al 38 deskundigen om syn stjerrende lea hân, de bealch fol mei Valdispert, 'voor de broodnodige rust',  en dat binnen in dei as wat.

Nee, as jo út in fleantúch springe en it giet net hielendal goed, fine se jo nei njoggen dagen kroandea yn in stik greide.

En ik ha der noch gjin Keamerfragen oer fernaam. Jo kinne better in fisk wêze, dan krije jo oandacht. En Keamerfragen.

Noch in dei as wat, dan komt de komeet. It sil tiid wurde. 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen