I fuck horses

'I fuck horses.'
'Pardon..?'
'Yes! Paarden!'

It falt my op dat der in soad mei taal boarte wurdt. Foaral op Facebook is it soms om jo de bûsen út te skuorren.
It Bokwerds is mei in grutte revival dwaande, het gaat er bij tijden mal om weg.
Der binne guon dy't harren steure oan it brike praat, mar ik fyn it machtich. Minsken binne tige fernimstich as it op taal oankomt, en dêr kin ik fan genietsje, mar ek geregeld om laitsje. En ja, soms is it om te gûlen, mar dat is taal yn beweging sei de hear Lok, dus dêr meie wy ús net oan ergerje en nimmen op ôfrekkenje. Klear, dan moatte wy mar sjen hoe't it sil komme...

Der is yn it ramt fan kreatyf mei taal in side dy't harren dwaande hâldt mei Dunglish. Dat is Nederlânsk oersetten yn it Ingelsk, sa as guon politisi dogge as se oer de grins Nederlân te skande meitsje. En dat is ek om jo slop te laitsjen as it net sa tryst wie.

Make that the cat wise hjit de side. 32000 minsken fine dat aardich. Jo krije de meast idioate konstruksjes, it wolkomswurd is bygelyks: We hate you welcome. Noch ien: I don't want to fall with de door in house, but you're fired on standing foot.
En dan giet it los, de meast kreative taalgekken jouwe dêr reaksjes op. Werklik de muoite wurdich. https://www.facebook.com/MakeThatTheCatWise?ref=ts&fref=ts

Rink fan the Fields was his time far ahead, that may clear be.
 


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen