Flashback

Twadde krystdei. Aardich slept, dus dan moatte jo der om tinke.



Troch in losse opmerking fan ien fan de hûsgenoaten daliks de skerpe kant neist as it om beoardieljen giet.

Yn dat ramt de gedachten jieren tebek, op fan dy feestjes. Manlju mei sigaren, keamer blau fan de reek. Bern wat byelkoar yn in hoekje.
Nei it tredde jeneverke mei sûker ien fan de mannen oerein. De Manchester broek ophysje, wylst dy oars al mei galgen te plak holden waard. Ien fan de fammen yn opdracht by it folk del mei in skaaltsje tsiis en woarst, jim kenne it tafriel. Omke mient dat er nochris grappich út de hoeke komme moat, hy wie ommers de lêste 50 jier de oanjeier fan de klup.

Ik krij it swit yn de hannen as ik der oan tink. 'No, fanke, hast al ris wat ferkearing?' En dan nochris dy broek omheech skuorre. Jasses. It ferplichte laitsjen fan it omsittend laach, wylst it fanke woe dat se hiel earne oars wie.

Eartiids wie alles better. No...

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen