As jo flokken leare wolle moatte jo geiten keapje

Je ha fan dy putsjes dy't je foar de ein fan it jier noch dwaan moatte. Ein 2011 moasten wy hjir ôfskie nimme fan Sytske, ús stokâlde wite saanengeit. Dêr ha jim as fêste Stikelstekker lêzers alles oer meikrigen. Foar de minsken dy't noch net sa lang dizze Fryske blochside folgje set ik de link nei Sytske der noch wol efkes by. http://stikelstekker.blogspot.nl/2011/12/sytske-rip.html
Dat is dus al wer in jier lyn.

Op de foto sjogge jim Bianca. Ien fan myn seis lângeiten. Prachtige bisten, dy't it hiele jier bûtendoar rinne kinne. Mar sa no en dan moatte de poaten wol efkes behimmele wurde. En dat ha 'k niis dien. De dames fine dat net aardich. Doe't Sytske der noch wie, hie ik hâlden en kearen, want sa'n saanengeit is aardich sterk. Dizze skepsels binne allinnich mar wyld, op Bianca nei. It freget dus in soad ferstân fan saken om se yn it hok te krijen. Ahum. Lokkich ha se grutte hoarnen op de kop, dêr ha je teminsten fet op.

Dat poatbehimmelje is net sûnder gefaar, op de legere lânbouskoalle ha ik in kear it topke fan myn lofter wiisfinger ferspile, in skiep woe net om sizzen jaan. De groede is noch te sjen.
Lokkich fûn ik noch in pakje nije Stanley meskes. Dan falt de yngreep ta. No rinne se wer kreas en rjocht. Net dat se my tankber binne, want de siswize is net foar neat: As jo flokken leare wolle moatte jo geiten keapje.


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen