Omrop Fryslân en de PVV

No, ik ha it sjoen. Live. Online.

Op de lêste dei foar it swier fertsjinne krystreses is it yn de Twadde Keamer krekt in buertbingo. De foarsitter lûkt de nûmerkes en de leden stekke de hân op as der JA op harren papierke stiet. It komt wat kloaterich oer. Mar der stie in wichtich punt op de aginda, dus ik biet my der yn fêst.

'De motie over Omroep Friesland,' sei de foarsitster. Der gie in weach fan laitsjen troch ús Keamer. Ien as oar Keamerlid rôp: 'Omroep Fryslân!'
Tsja, dêr hienen se jierren oer fergadere, oer dy namme fan de provinsje. Komt dy útbuorren ris op de aginda, seit de foarsitster wer Friesland. It is ek in ein fuort, ik snap dat wol.
Klear, it nûmerke wie lutsen, en alle keamerleden stutsen braaf de hân op, benaud foar it misrinnen fan krimpstimmen. Utsein in stik as wat, mar dêr kom ik op werom.
De moasje oannaam. Prachtich. Wat der no barre sil witte allinnich de Maja's, mar de yntinsje leit der om ekstra oandacht oan de status fan de Omrop te jaan. It is in begjin.

Utsein in stik as wat. De PVV hold de kloeren plat op de tafel. Wilders syn fjildtocht tsjin it publike bestel.
Dat de stumpers fan de PVV net in skieding meitsje kinne tusken de omroppen en in twadde rykstaal seit alles oer hoe blyn dy lju binne. As jo it publike bestel nei gychem helpe wolle is jo eigen kar, mar dat hat neat mei de twadde rykstaal te meitsjen. Frijwat iensidich, dy PVVers.

En wat lies ik no? De PVV te uses wol opheldering oer it Polderhoofdkanaal. Hoe doarre se? Der hie daliks in parseberjocht de wrâld yn moatten dat se it totaal net iens binne mei Geert en syn freonen, sels in Mea Culpa oer dat se de fraksje yn Den Haag net goed ynljochte ha hie op syn plak west. Nee, eamelje oer in sleat. Soargje der no mar ris foar dat dy rydplaten opromme wurde dêr't ik it juster oer hie, dan dogge jim wat foar de kost.

De PVV hie by my al lang ôfdien, mar ik mei hoopje dat de rest fan it elektoraat der no ek klear mei is.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen