Fleisferfangers

It is fiif foar tolven mei it Frysk, sei Pieter de Groot yn de Freed fan juster.  
Asscher hint op extra bezuinigingen, stiet yn de Telegraaf
Mali wurdt it nije Afghanistan, stiet yn de LC. 
Oeral binne listjes fan, mar net fan Frysk proaza, dat stie dus net yn de LC.
Turkije klimt hurder as hokker lan dan ek út de krisis, ek yn de LC

Samar wat saken yn it nijs. 

Doemdenken, hoelang bestiet dat wurd eins? It past tige by Nederlân en ek by Fryslân. It sit djip yn ús. De flater fan de jierren 30 nochris noflik oerdwaan, omdat de bestjoerders sa eigenwiis binne dat se mei eigen eagen sjen wolle dat it echt net wurket, besunigje en dy domme steatsskuld ûnder de trije % hâlde. Lês ris in boek oer dy tiid, soe ik sizze. En pomp jild yn dit lân, sadat de ekonomy wer op gong komt. 

Ljochtpuntsjes? Wis. Dy binne der. 

Mar yn in lân dêr't in deputearre meidocht oan in kampanje om ús fleisferfangers frette te litten, sil der noch gâns wetter troch de Boarn moatte foardat de ljochtpuntsjes it doemdenken nei it twadde plak ferwize sil. It heale Amazone gebiet soja proof. Dat is goed foar it miljeu, minsken. Kappe dy beammen, en alle feeboeren likwidearje

Ik bin fan doel om in kamiel te keapjen. Gean ik der alle dagen op út riden, goed foar it miljeu. Lekker puh.     

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen