Iisbaan

Tsja. En fan it iene op it oare momint binne jo wer werom...

In petear op Facebook, fan immen dy't har profylfoto feroare. Samar sjogge jo it wer. De ferfallen startblokken, it griene wetter fan it âlde swimbad fan Oranjewâld. It fûgeltsjepark. Net folle minsken sille it mear witte, mar dêr't no de sneldyk lâns it Abe Lenstra stadion leit, wie it plak dêr't wy as berne Wâldsters de redens ûnder bûnen. Ien fan de moaiste iisbanen dy't Fryslân ea hân hat.

Hoe âld wie ik? In jier as 15. Ik ried op de McCormick D214 fan de Marijkemuoiwei nei de iisbaan. Dy trekker brûkte ik oeral foar. Ik gie der mei nei de byb, nei de bakker, te mollefangen en nei it fragelearen. Ik hie op ien fan de spatbuorden in radio montearre, en der siet in dakje op. Lekker droech, de twapitter joech genôch waarmte om net te ferklomjen.

It âlde ferfallen hokje fan de iisklup. De poeiermolke, twa bekers foar twa kwartsjes, de readgloeiende kachel yn it keammerke fan it bestjoer. De faaimasine. En de minsken. De betûfte riders, dy't deis al op it Haskerwide west hienen, mar jûns noch wat ekstra kilometers meitsje woenen. En de bern. De wat âldere bern, dy't jûns nei it iten nei de baan mochten. De iisbaanmuzyk. BZN, The Hollies en The Cats.

Ik wie der ek. En mei my immen dêr't ik sa no en dan in rûntsje mei ride mocht. Want sa gie dat doe. En no ha ik har wer troffen op Facebook. Prachtich, foaral omdat wy der beide deselde moaie bylden by ha. Flak njonken de baan wie de âlde twabaans dyk tusken It Feen en Ljouwert. Sa no en dan toetere in auto as de bestjoerder de wille op it iis seach.

Dizze is foar Alie.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen