Op stap mei Samsom en Rutte

Blind date. 

Al dy moaie wurden oer earlik diele ensafh, ik soe twa minsken graach in middei mei ha wolle. Op ekskursje.

Ik soe se earst in bakje kofje oanbiede, Mark en Diederik, want dêr giet it om. In grutte swarte auto op it hiem, miskien wol twa, jo witte net hokker drokte de mannen ha en wêr't se wei komme moatte. Efkes prate, se kenne my net, grutte kâns dat der ek wat skiepeftich lake wurde soe.

En dan fuort. Net sa'n lange reis, yn de measte wat gruttere plakken binne foarbylden genôch. Ik soe se foarstelle wolle oan frou Visser. Of frou De Jager. Of de hear Pietersma. It makket net út. Mar net oan in ploech minsken, nee, oan ien. En dêr oer prate. Gjin gelul oer breder, gruttere plaatsjes en sa.

Wat is it gefal, Mark en Diederik, soe ik sizze. Sjoch, hjir sit frou Visser. Se is 82 jier âld. Frou Visser stjonkt wol wat, fine jim ek net? Sil ik jim fertelle hoe't dat komt? Frou Visser is al 82 jier hartstikkene fan de klok as it om har ûntlesting giet. Sy moat alle dagen om tsien oere moarns hinne, sa wis as wat. It is no trije oere middeis, de reden dat se sa stjonkt is, hearen, dat se moarns in ruft om krijt, en jûns wer. Omdat de iene ferpleegster dy't hjir omdraaft, it net oan tiid hat om mei frou Visser nei de wc te gean as se dat moat. Frou Visser krijt net folle besite, de beppesizzers fine har stjonken. 
Frou Visser sit no fiif oeren yn har eigen stront.

Ha jim troch wat dat mei frou Visser har eigenwaarde docht, Mark en Diederik? Frou Visser hat har hiele libben foar de klasse stien, mar omdat se demint oan it wurden is, koe se net langer yn har kreaze hûske wenje. Mei as gefolch dat se hjir no mei in ruft om sit, yn har eigen stront. Dêr krijt frou Visser útslach fan, dat snappe jim wol. Mei as gefolch dat se spekiepen is op har sitflak. Se hat pine, mar frou Visser klaget net, se sjocht wol dat de ferpleegster it net oan tiid hat. En dus sit se mei in spekiepene kont yn har eigen stront, Mark en Diederik.

Frou Visser hat generaasjes bern mei opfieden. En harren sein dat it stimrjocht in grut goed is. En no sit se hjir. Te wachtsjen op in nij ruft, omdat jim de soarch sa útklaaie dat it net oars kin.

Soenen jim dit efkes yn Brussel oankaarte wolle, mannen? Sa fan: wy litte dy trije % efkes los, want wy fine dat de generaasje dy't nei de oarloch dit lân wer op poaten setten hat it eins net fertsjinnet om mei in spekiepene kont yn har eigen stront te sitten.

En dan ride de mannen wer fuort. Hopelik wurde se nachts wekker mei frou Visser op it netflues. Ik tink it net.

Reacties

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen