Orgasme fan Abe Bonnema

Apart, ik ha noch nea sa faak yn Ljouwert west as de ôfrûne trije jier.

Wy kamen dêr net doe't we jong wienen. Wat moasten wy dêr? It Feen hie alles, en as der al ris in útspatting plakfûn, gie dat nei Snits. Drachten en Ljouwert? Nee.
Yn Ljouwert wenne folk dat nei Cambuur gie, se hienen der in suterige iisbaan dy't net iens 400 meter lang wie, in domme, stompe, brike toer en se koenen de R net sizze. Waardeloas. Hoegden wy net hinne. Drachten hie Plips. En noch wat, mar dat bin ik efkes kwyt. Ek neat wurdich.

En hoe bryk kin it gean. Wenje ûnder de reek fan Drachten en geregeld nei de Hoofdplaats. It is sels sa dat ik dêr sûnder swit yn de hannen it paad wit. Fan meardere kanten, dat ek noch. It is fansels ek mar in pear terpen grut, dat hiele Ljouwert. Hat neat om 'e hakken.

Mar ja, jo moatte wolris wat. Sa siet ik sneon wer ris yn de kroech, dat is nuver, as ik al yn Ljouwert kom, is it meastal yn in kroech. De redaksje, direksje en meiwurkers fan it literêre Frysktalige blêd Ensafh yn kafee Wouters foar in slokje en in praatsje. Bêst genôch. Ik hie de auto ûnder it Saalân dumpt, dat is maklik.

Komme jo boppe de grûn, sjogge jo it orgasme fan Abe Bonnema syn foai stean, dêr sil ik neat oer sizze, behalve dat dyselde dy't oer it logo gear west hat of stomdronken of sa stoned as in knyn wie doe't er dit makke. Net te leauwen, mar Karstkarel sil it prachtich fine, dat is meastal sa. Weromreis seach ik de oare kant út. Dat befoel my better. En ik moast efkes oan 1 juny 2012 tinke. Hupsakee.

 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen