Mediageile Ruud Lubbers is moreel strafber

 Ruud Lubbers in 2011

Earlik sein hie ik Ruud Lubbers aardich heech sitten yn de tiid dat er premier wie. Hy wie sa glêd as in iel, mei dêrtoch hat er de eare om de langst sittende minister presidint fan de Staat der Nederlanden te wêzen. 12 jier lang hat er yn it Torentje sitten, tusken 1982 en 1994.

As MP moatte jo lige, harkje, ja knikke as it nee wêze moat en jo oer in soad saken de bek hâlde, om it mar ris wreed te sizzen. Dat koe er as gjin oar.
As in âlderling yn de tsjerkeried komt, moat er tasizze dat er alles wat er yn betrouwen te witten komt, foar him as harsels hâlde sil. Ek yn de tiid neidat er yn it ambt sitten hat.
  
Rudolphus Franciscus Marie Lubbers soe dat witte moatte.

De man is wat my oanbelanget al in jier as wat yn de bernskens, en soe troch oaren tsjin himsels yn beskerming naam wurde moatte. Dat jild ek foar syn foargonger by it CDA, Andreas Antonius Maria van Agt. Ek folslein it paad bjuster de lêste jierren. Alhoewol er it sels net sa útleit, antisemitisme is de man net hielendal frjemd. Of it komt him allegearre frijwat beroerd ta de mûle út. Wat dat oanbelanget giet er Gretta Duisenberg aardich efternei, dy't yn Elsevier sei: 'Ik vind antisemiet bijna een eretitel worden.' Waarvan akte.

Ruud Lubbers hie juster yn Nieuwsuur nea sa út de skoalle klappe mochten. It is in grof skandaal. Guon fan jim sille sizze dat it leuke TV wie, mar it liket op fleanen.

It liket der op dat Ruud noch altyd sa mediageil is, dat er no alles wol sizze wol wat er yn syn tiid te hearren krigen hat, as syn rimpelige âld kop mar op de buis komt. It is goedkeap, it is platvloers, it is RTL en SBS nivo, en eins fyn ik it noch strafber ek. Moreel strafber.

It stadium dat moreel strafber wêze sear docht oan jo gewisse, hat Ruud Lubbers fier efter him litten, sa't it liket. 

Reacties

  1. tuut tuut tuuut de garoetjes van Ruud!

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Doe't er as 'hege kommissaris' syn personiel yn 'it ûnderstel knypt wie er ek al strafber, mar ha se him frysprutsen, doe koest al sjen dat it net doogde mei dy man.

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen