Redens slypje

Redens slypje doch ik sels. Is ek gjin probleem mei gewoane noren. Myn Vikings binne sawat 30 jier âld, der sit rust op en se ride prima.

It is foar my dan ek in wûnder dat alle jierren as der in flueske iis leit,  de massale run op redens wer útein set. Wêr binne dy fan ferline jier dan bedarre? Zandstra, Viking en al dy oare merken wurde fan my net ryk, dat jou ik daliks ta. Mar wêrom soe ik oaren ha moatte? Klappers? Nee, ik slypje myn maatsje 43 wol wer, en dan mar hoopje dat wy de feart út kinne, in iisbaan is wol aardich, mar ik gean leaver it rûntsje Feanhoop, Grou, Akkrum, Boarn en oer Beets werom. Prachtich. Komme jo ek nochris op it Polderhoofdkanaal!

Mar dat slypjen, junior hat fan dy heechoppige skuon. Dy kringen passe net yn myn slyp-ark. Dus ha ik niis de izers der mar ûnderwei sleutele, en doe slipe. Bealch fol wurk, mar jo koenen der wol mei de bleate kont op sitte, sa stomp wienen se. En fannemiddei sille se nei de baan, dus moast der wat barre.

Ik sil aanst mar efkes op it iis fan Smelle Ie sjen. Winter. Machtich.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen