Krimineel jild, dy 500 euro biljetten, seit de PvdA

De PvdA hat in plan. No ha se dat wol faker, ek oare partijen meitsje har dêr skuldich oan. Is ek goed, as je gjin plannen mear ha kinne jo likegoed bedobbe wurde.

De biljetten fan 500 euro moatte ôfskaft wurde, neffens de PvdA. It soe sa wêze dat dy bryfkes allinnich troch kriminelen brûkt wurde.
Dat soe samar kinne. Ik ha leau ik twa kear sa'n biljet yn hannen hân. Je binne der dea mei ferlegen, want gjin minske wol it ha of wikselje. Eartiids hienen jo de 1000 gûne biljetten. Fan dy moaie griene, sa as op it plaatsje. Dat wienen nochris moaie biljetten. Wy hienen se soms thús ek, as de keapman in stik as wat kij tagelyk útbetelle. Omdat wy oan it fuottenein fan It Wâld wennen, koenen wy se altyd kwyt.

 

Nee, net oan kriminelen dy't earne yn de bosken himp kweekten, mar gewoan oan de molkboer. Dy kaam sneons as lêste by ús, en hie dan in pak oan papieren jild yn de beurs. De man wie bliid dat er der ôf wie, en wy hienen it grutte stik jild stikken.

Sis no sels, wa wol der mei sa'n 500 euro ding omrinne? It sjocht der net út. Dy hiele euro hie nea wêze moatten, mar efternei kin elts in ko yn de kont sjen. It beroerde is, en dêr ha ik noch altyd lêst fan, dat in Fries ús dy euro rommel mei troch de strôt drukt hat. Ik sil syn namme net neame, jim witte it grif noch wol. Bah. Fan sa'n sjyk 1000 gûne bryfke nei dat monopoly jild. It is en bliuwt in drama.
Witte jim de wikselkoers noch ut de holle? Ik wol. Ien euro is 2.20371 gûne. It is om te janken, sa ha se ús by de poat hân.

 

Mar wêrom no dat plan fan de PvdA? As it sa is dat allinnich kriminelen dit jild ha en brûke, dan is it kwa opspoaring makliker, of net? As der immen by de pomp mei in te grutte Audi oankomt, betelje wol mei 500 euro, kinne jo der dus hast donder op sizze dat it in krimineel is. Of in manager út de soarch. Mar is der ferskil?

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen