Reedriden is sa dea as in pier




Grut nijs foar hockey leafhawwers. De lock-out yn de National Hockey League liket foarby. Nei in fergadering fan 16 oeren (bliid dat ik dêr net by sitten ha) is der in oerienkomst, dy't noch wol troch de spilers tekene wurde moat.

Dus kin de gemiddelde Toronto Maple Leafs besiker mar wer ta de beurs. $400 foar in kaartsje foar ien wedstriid, per stoel. Ik freegje my ôf wa't dat betelje kin, mar der skynt in wachtlist te wêzen om oan te skowen yn it Air Canada Centre. Mei alle kearen 19.685 taskôgers  jout soks mar wer ris oan hoe grut iishockey is, behalve yn it konservative Nederlân, dêr't we ús wille fine yn 25 rûntsjes lang nei in skoareboerd sjen oft de iene al hast in tsiende sekonde ynhelle hat op de oare yn in ultra saaie tsien kilometer  reedriden.

As oer in pear jier yn It Feen in nij Thialf stiet, kin in nije generaasje Svens him klearmeitsje om tsjin nimmen de kompetysje oan te gean. Reedriden as topsport is sa dea as in pier, allinnich wolle se dat yn Nederlân noch net sjen. It seit nimmen wat, behalve ien kear yn de fjouwer jier, as der olympyske spullen binne.
Dan docht in ferdwaalde Italiaanske boskwachter de redens efkes ûnder en as it treft wint er ek noch.

Moai trochgean mei acht oeren lang dy kampioenskippen út te stjoeren. It oantal sjoggers sil oer in jier as wat griis hier ha, en stadich útstjerre.

It liket ferdomd sterk op Fryske proazalêzers.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen