Pisje ûnder de dûs

Wethâlders. Se binne der yn soarten. Under myn folgers op twitter sitte ek in stik as wat, dus moat ik der om tinke wat ik skriuw. Mar ik doch it al!!!

 



Bert Wassink van Aa en Hunze (Drenthe) is wethâlder. Immen dy't wolris wat ropt. Sa kaam er yn it nijs trochdat er de minsken opropt om ûnder de dûs te pisjen. Soks besparret wetter, sei Wassink. 
Folslein terjochte murk ien fan myn Facebookfreonen op, dat as der immen mei prostaatklachten in healoere stiet te druppeljen, it ek noch wolris ekstra wetter kostje kin, mar hawar. 

 

Ik wit it net, hear. Pisje ûnder de dûs. Witte jo wat it is? Yn gedachten sjogge jo Bert Wassink stean. Hjir en dêr wat tearen, in bult hjir en in dobbe dêr. Griis poddehier. En dan wol by my it pisjen net mear, by jim wol? 
En soe Bert Wassink it bad of de dûs wolris himmelje mei de gedachte dat syn famylje dêr fleurich yn de rûnte stien hat te migen? Sjoch, as jo echt wat besparje wolle, pisje dan tsjin in beam. Mar dat mei net. 

Se ha ús oan alle kanten yn de skjirre, dêr komt it op del. Mar ik ferdom it om ûnder de dûs te pisjen omdat Bert Wassink dat seit, sa is it wol. Wat stiet ús noch te wachtsjen? De Pisplysje?

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen