Comedy Capers

No, it wie my it wykein wol wer op de balskopfjilden.

De PSVers miene dat se net in reade kaart krije meie, dy Mark van Bommel (de reden wêrom't we gjin wrâldkampioen wurden binne, sjoch de bylden der mar op nei) is no al safier omheech fallen dat er it gewisse fan de fuotballerij mient te wêzen. En de ferdigener fan Oranje, de hear Pieters, is sa dûm dat er der in rút út slacht. Gefolch: nachts operearre oan in blieding, de sukkel.

Dan ha wy ús Trots fan het Noorden, de FC Grins. Treflik, ûnderút tsjin de Domstedelingen. Maaskantje is somber. Dat ha ik altyd al oer him west, mar toe mar.

O ja. Wy ha ek twa oeren yn de kjeld sitten. Yn it trijekwart folle Abe L. Stadion. Al sa'n moaie jûn hân. Ik bin dan ek gek op Comedy Capers.
Mar ik herhelje efkes, finansjeel is it tige. Trije punten boppe de reade streek, mar wy geane foar Europa!!! #fail

De winner fan it wykein? Gertjan Verbeek. Hulde.

Wie der dan neat aardichs te melden? Jawis wol. Wy ha te riden west yn De Deelen. Machtich moai iis, foar de wyn wie stean bliuwe genôch om foarút te kommen. Hearlik. En jûn komt Apollo 13 der op. Wat wol in minske noch mear.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen